Eise Eisinga Planetarium

Hertlik wolkom yn it Eise Eisinga Planetarium, it âldst wurkjende planetarium fan ’e wrâld! Yn dit unike planetarium kinne jo yn ’e kunde komme mei it ymposante bewegende model fan it sinnestelsel, makke tusken 1774-1781.

Wa wie Eise Eisinga?

Eise Eisinga waard berne yn 1744 yn Dronryp. Al yn syn jonge jierren hie er in soad ynteresse foar saken as wiskunde en stjerrekunde. Op syn 15e skreau er in tsjok wiskundeboek fan mear as 650 siden. Al dy kennis hat er himsels oanleard, syn berop wie wolkjimmer.

De ein fan ’e tiid?

Op 8 maaie 1774 wie der in gearstân fan planeten. Der waard beweard dat dy planeten op inoar botse soene en dat de ierde dêrtroch út syn baan slingere wurde soe en yn de sinne ferbrâne soe. Foar Eisinga wie dat de oanlieding om yn syn wenkeamer in model te bouwen fan it sinnestelsel. Dêrmei woe er sjen litte dat der gjin reden wie foar panyk. Hy hat sân jier wurke oan dat model, tusken 1774 en 1781.

De planetariumkeamer

Oan it plafond fan de wenkeamer is it model fan it sinnestelsel te sjen. It is útfierd op in skaal fan 1:1 biljoen. Dat wol sizze dat ien milimeter oan it plafond lyk stiet oan 1 miljoen kilometer yn werklikheid!

Yn it sintrum fine we de sinne. Dêromhinne draaie de planeten yn har werklike snelheid. Fan Merkurius yn 88 dagen oant Saturnus yn mear as 29 jier. Sels ús moanne draait yn ien moanne tiid in kear om de ierde.

Yn de bûtenste ring jout in datumwizer de krekte dei en moanne oan. De posysje fan de sinne yn de Diereriem wurdt ek oanjûn. Fierder jouwe wizers oan it plafond ûnder oaren de krekte dei en it krekte jier oan. De skynfoarm fan de moanne is ek ôf te lêzen. Wizers op de wand om it bedstee jouwe ynformaasje oer it op- en ûndergean fan sinne, moanne en stjerren.

It rêdwurk

Alle planeten en klokken yn de planetariumkeamer wurde yn beweging brocht troch in ymposant rêdwurk fan houten hoepen en skiven mei 10.000 hânsmeide spikers as tosken. In slingeroerwurk en njoggen gewichten stjoere dat rêdwurk oan. It tikjen fan it oerwurk is goed te hearren. De klok sels is rjocht boppe it bedstee, de gewichten hingje yn de kasten oan wjerskanten dêrfan.

It rêdwurk is te besichtigjen fan de earste ferdjipping ôf. Tink om jo holle yn ferbân mei de lege balken. Hielendal links fine jo it sintrale oerwurk en de slinger. Fan dat plak ôf wurdt alles yn beweging brocht. Yn it rjochter, lege part binne de hoepen dêr’t de planeten en de datumwizers oan befêstige binne. It fluchste redsje makket yn 45 sekonden in slach yn it rûn, wylst it stadichste rêd goed 29 jier nedich hat!

Wy hoopje dat jo geniete ha fan jo besite oan it Eise Eisinga Planetarium.

Tank foar jo besite en graach oant sjen!

Iepeningstiden

It hiele jier (útsein Earste Krystdei en Neijiersdei) tiisdei oant sneon 10.00 – 17.00 oere, snein 13.00 – 17.00 oere. Tusken 1 april en 31 oktober ek moandei 13.00 – 17.00 oere.

Eise Eisinga Planetarium, Eise Eisingastraat 3, 8801 KE Frjentsjer, Tel. 0517 393070.

Tagongsprizen

Folwoeksenen € 4,50; bern (oant 14 jier) € 3,75; senioaren € 4,00; groepen (oer 20 persoanen) € 3,50 p.p.

Foto's meitsje is ferbean.

Gasteboek (kinne Jo hjir oanklikje)

Haadside

Eise Eisingastraat 3 • 8801 KE Frjentsjer • tel. 0517-393070 •